Myn betinksels
donderdag 13 oktober 2011 21:25
Sneintemiddei 11 septimber 2011 fûn yn de Vijverzaal fan it Servotel in bysûnder femylje Biesma barren plak en wy, myn frou en ik, fûnen it in eare dat wy derbij wêze mochten. Dy middei seach in moai útfierd boekje fan in 140 bledsiden mei de titel ‘Myn betinksels’ it ljocht. Dy betinksels wiene fan de no 97 jierrige Sjoukje Biesma-Hof, sûnt 1977 widdo fan Louw Biesma, de ûnferjitlike hûsmaster fan de Lawei. Ik kin rêstich sizze dat de Biesma’s de Lawei mei grut makke hawwe.
Op side 57 kaam ik tsjin: As de glimkes fan it libben grimassen wurde, ferwachtsje wy skouderklopkes fan de dea! Is dat no net moai fûn?
Der stean sa’n hûndert Fryske en zo’n veertig nederlandstalige ‘betinksels’ yn. Om ’t myn romte fansels beheind is in pear priuwkes.
NEI SKOALLE
Yn tûzen eangsten sit ik as ik dy op dyn fytske
nei skoalle gean lit.
Oer dy grutte wei wêr t lange rigen auto’s
eangstoanjeiend foarby raze
En al kinst de rigels fan ‘t ferkear op dyn tomke
Do bist amper acht en sa boartlik.
En út it nederlânske part it ferske oer in boerefaam dy mei kij nei de merke moast..
DRIJFSTER
Zij dreef de koeien naar de markt
daarin was ze zeer bedreven
en ’t was haar niet aan te zien
maar bij ’t scheiden van de markt
bedreef ze ook de liefde en ’t bleek alras
dat ze in ’t bedrijven der liefde
bij lange na nog niet bedreven was. . .
Dat was al gauw aan haar te zien
Gjin inkeld stikeltsje te stekken? Ja doch wol. It is tige spitich dat der net even in korrektor troch de ferskes skoffele hat want der sit hjir en dêr wol wat ûnkrûd.
Dat nimt lykwols net wei dat it in kostlik boekje is. Né, net te keap. Frou Biesma hat har bern, femylje en goekunde der gewoan in grut plezier mei dien.
Werom skriuwst der dan oer sille jimme faaks tinke. Wol ik fyn it prachtich as minsken op jierren, as it har teminsten jûn is geastelik sûn te bliuwen, net oer de geraniums nei bûten sitte te slûgjen mar nei bêste kinnen aktyf bliuwe. En ik fûn it in pracht hoe’t hja mei har 97 jier mei fêste hân yn boekje nei boekje in persoanlike opdracht sette. Op nei de hûndert frou Biesma !