Home Columns Tom de Boer Bijzondere Smallingerlanders

Bijzondere Smallingerlanders

Aaltje_WiteveenAaltsje Witteveen – de Graaf, gewoan bysûnder

‘Ik bin in unikum’, seit se beskieden. ‘Ik bin noch fiersten te goed foar dit hûs. 87 jier, mar der mankeart my neat.’ Se sjocht my hifkjend oan en jout even romte foar in tsjinargumint. Mar ik sjoch wol út, ik hâld my stil. Ik tink noch wol: ‘Hoe komt se hjir dan?’

 

‘Marten. It gie net langer mear mei Marten. Sadwaande bin wy nei de Warrenhove gien. Wy fregen him: ‘Wolst hjir wol wenje?’ Hy seach troch it rút en sei: ‘Ik sjoch beammen en ik hear fûgels. It is wol goed.’ Hy hat gjin tel ûnwennich west. 5 moanne letter wie er wei. En no sit ik hjir wylst ik fiersten te goed bin. Ik bin noch sa fluch as wat. Se neame my De Swel.’

Wy binne tegearre op besite by Aaltsje Witteveen – de Graaf. Lyts mar krigel. Se fladdert kwetterjend om ús hinne en foardat de stoel waarm is, en foardat myn frou de kâns hat te freegjen at se ergens mei helpe kin, stiet de tee op tafel mei wat der by.

Wy binne op ferhalen út. En wy koenen Marten en Aaltsje noch fan dat se by ús op it doarp wennen. Wy tochten Aaltsje hat hiel wat meimakke en boppedat se kin it wol ûnder wurden bringe. Dus no sitte wy hjir.

En de ferhalen tûmelje oer elkoar hinne de keamer troch. Der is genôch foar in boek, wat sis ik, foar in trilogy. En ik ha mar romte foar 750 wurden taskikt krigen. Ik moat in kar dwaan. Ik fertel jim it ferhaal fan Aaltsjes suster Hiske.

 

It wie 1943 en it wie oarloch. Bûtendoar fanwege de Dútsers. Mar ek yn ‘e hûs. Fanwege Hiske. Dy hie, no al foar de twadde kear, har ferkearing mei Fokke útmakke. Hij hie langer mear leafde foar it bier as foar har, sei se. Heit wie it der net mei iens. Dy Fokke wie in bêste partij, kaam út in goed nêst, koe omraak wurkje en dat soarte dingen mear.

‘Do giest no nei him ta en makkest it wer goed’, raasde er, ‘en oars kinst fertrekke.’

Doe is Hiske de doar út gien. En net wer thús kaam. Se wie 22 jier. Aaltsje wie no it iennichste bern yn ‘e hûs. Froeger hie se noch in broerke hân, Louis, hy wie flak by har hûs te Boksum ferdronken doe ‘t er fjouwer jier wie. Mar dat is in oar ferhaal.

It ferhaal fan Hiske kaam bij stikjes en bytsjes fanûnder it oarlochspún foar it ljocht. Net sa lang nei har fuortgean waard sein dat se mei in Dútse soldaat meigien wie. Hielendal nei Dreesden. De oarloch rûn op in ein. Mar yn dat lêste oardel jier binne der noch ferskrikkelike dingen bard.

Hiske rekke yn ferwachting yn dat fiere Dreesden. De poppe waard berne op de kreamôfdieling fan in sikehûs. Der leine sa’n tachtich froulju mei harren berntsjes.

Oant dat momint wie Dreesden reedlik geef troch de oarloch kommen. It wie net in plak fan grut strategysk belang. No en dan âle it bomalarm oer de stêd. Dan moasten se, sa gau mooglik, nei de skûlkelder ûnder it gebou.

Doe kaam de nacht fan 13 febrewaris 1945. Lytse Oesi wie twa dagen op ‘e wrald. Jûns tsien oere: bomalarm! Alles yn rep en roer. Roppende froulju, skriemende bern, knetterjend ôfwargeskut en it oanboazjend dreunen fan mear as twahûndert Lancaster-bommewerpers. Doe briek de hel los. Brisant- en fosforbommen setten de stêd yn ljochte lôge. Ek it sikehûs waard rekke. As de miter nei ûnderen, nei de kelder! Hiske ron achteroan. Troch fjoer en reek en delstoartend pún rakke se it paad bjuster. Hoe kom ik hjir wei. En wer is myn poppe?

Se wist net hoe, mar stroffeljendewei kaam se bûten. Se draafde de strjitte del. Seach achterom: it sikehûs wie ien ferskrikkelike flammesee. Letter krige se te hearren dat sy de iennige fan de ôfdieling wie dy ‘t it oerlibbe hie. De memmen wienen dea, mar de berntsjes libben noch! Twa dagen letter hie se Oesi wer yn har earmen.

In pear moanne dernei wie de oarloch foarby. Mar wat is foarby? It lijen bleau. Hiske wenne yn in fernielde stêd. De Russen krigen it foar ‘t sizzen. Dútse soldaten, wêrûnder har man, waarden oppakt en fuortfierd. De froulju wienen fûgelfrij. Hiske pakte Oesi op en flechte rinnendewei rjochting Nederlân.

Flak foardat se der wie, yn Düsseldorf (doarst se net fierder?), hat se har te wenjen set.

 

TOM

© Pluskrant