Home Columns Wat ik sizze woe Wat ik sizze woe …

Wat ik sizze woe …

As freon fan Omrop Fryslân meitsje ik my soargen oer ús provinsjale Omrop. Yn 2016 sille der yn ús lân noch 8 televyzje stjoerders oer bliuwe, sa wie it útstel fan minister Plasterk en wat no útfierd wurde moat troch minister Van Bijsterveld.

Nettsjinsteande it in besunigingsmaatregel is, is lykwols dochs sa'n 76% fan de ynwenners fan ús lân foar dit útstel en ek de omroppen stypje de útgongspunten.

De regionale TV stiet derby ûnder druk. Regionale útstjoerings wurde, sa is de gedachte, ûnder ien stjoerder brocht en dat is TV 3. No binne der in bulte regionale stjoerders, mei oare wurden, de Fryske útstjoerings snije ûnder yn dizze nije opset en kinne wy wat ús Omrop oanbelanget, it wol ferjitte. En dat is in grutte skande. As der ien organisaasje is, dy’t de Fryske taal stimulearret dan is dat Omrop Fryslân. De Fryske taal is net om ‘e nocht de twadde rykstaal. Dat jout ferplichtings, net allinnich foar de Friezen en foar de provinsje mar ek foar de besluten fan de Twadde en Earste Keamer. Us deputearre De Vries is in waarm foarstander om Omrop Fryslân te behâlden foar Fryslân en wy moatte har derby stypje.

Belangryk derby is de hâlding fan de Fryske befolking. Wolle sy dat de Fryskeigene bewarre bliuwt dan soe elke Fries him of har ynsette moatte om dat te berikken. Fan grutte wearde is yn koarten it tal leden wat elke omrop hawwe moat om in plak te krijen yn it omropbestel. Foar Omrop Fryslân is it ek wichtich. Oan no ta binne der foaral leafhawwers fan de Fryske taal, dy’t harren opjûn hawwe as "Freon fan Omrop Fryslân", mar dat is noch mar krapoan 1% fan de Fryske befolking. Der traapje jo gjin doar mei yn. Hilversum leit der net wekker fan.

Wat no noch in freonen-klub is moat eins útgroeie ta grutte organisaasje foar it behâld fan Omrop Fryslân. Yn it belang fan ús Fryske taal, wêr't Omrop Fryslân sa’n grut oandiel yn hat.

Elk mei Frysk bloed yn de ieren moat der foar gean en lid wurde. Kosten? Minimaal  € 9,--  yn ’t jier.

Mail: Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien. of skilje 058-213375.

 

Turfstekker

 

© Pluskrant