Home Columns Wat ik sizze woe Wat ik sizze woe... 13-11-2011

Wat ik sizze woe... 13-11-2011

9/11, (better bekend as Nine-Eleven) is in datum, dy’t sawat elkenien yn ‘e  wrâld  ken en wêrfan de ferskrikkelike bylden elk noch foar eagen stean. It is no tsien jier lyn, mar wat der doe bard is hat de wrâldmienskip slim feroare. Elk lân en yn it bysûnder Amearika hat de feilichheidsnoarmen tige oanskerpe.

Neist de eangst foar nije oanslaggen hat foaral it fertrouwen fan minsken yn elkoar in knau krigen. En fertrouwen is no ienkear de basis fan it ferkear tusken minsken. Sjoch mar nei de beurs. De koers fan de oandielen jout fynsjes oan oft der noch wol fertrouwen is yn de finansjele merk. As jo jild pinne besykje jo sa goed mooglik jo dwaan en litten ôf te skermjen. Je witte mar noait. En wa hat  syn hûs net befeilige en docht de doarren altiten yn’t slot? En as hjir of dêr earne in  koffer of pakje stiet tinkt elkenien fuortdaliks oan in mooglike oanslach. Mar, is der net mear oan de hân?

It giet foaral om in Godstsjinstoarloch. Fanatike moslims mienden it dekadinte Westen it leksum opsizze te moaten. Dermei wie de oarloch tusken moslims en kristendom in feit. Fan wjerskanten steane der dan lju op, om op eigen wize it hêft yn eigen hân te nimmen troch oanslaggen of troch minsken tsjin elkoar op te setten wat de ûnwissichheid allinnich mar  oanwakkeret.

Wy kinne hjoed-de-dei dizze saken wat fergelykje mei it tiidrek yn ús Fryslân tusken 1580 en 1840: de reformaasje. It wie de oarloch tusken de Geuzen, letter de Uny fan Utert en de Spaanske oerhearsking. It wie dertroch ek in gefjocht tusken de grifformearden en de oare godstsjinsten. Ek doe waarden minsken om harren leauwen ferkettere en fermoarde.

300 jier hat dit duorre. Dernei kaam der godstsjinstfrijheid en koene de Roomsken en de Mennisten wer frij sykhelje. Mear as 100 jier letter is der no in gearwurking tusken de ferskate godstsjinsten.

Dit skôgjend, sjocht it der mal út foar it minskdom as der net feroaring yn ús tinken komt. Wy sille elkoar de romte jaan moatte om te libjen en te wurken yn in frije wrâld. Fasaden moatte sljochte wurde, fanatiken moatte ophâlde mei harren ophysjende taal, oars sil it jierren ûnrêstich bliuwe yn ‘e wrâld en sil it fertrouwen yn elkoar net weromkomme, want dat is de basis foar in fredige wrâld.

Sa kin de siswize “ Wês betroud, mar fertrou nimmen” wizige sil yn “Wês betroud en nim ek in oar serieus” sadat we wer yn in betroubere wrâld libje kinne.

 

Turfstekker

© Pluskrant