zondag 27 november 2011 09:09
Foar de oarloch fan ‘40-45 waard der yn de (Fryske) oerheidsorganen gjin Frysk sprutsen, wyls yn de measte húshâldings hjir Frysk praten waard. Mar nei de oarloch wie de frijheid foar Fryske boarger oanlieding foar harren eigen taal op te kommen. Yn 1948 wiene der in pear molkferkeapers, dy’t de Fryske nammen “sûpe” en “brij” op molkbussen skriuwden. En dat wie doe ferbean. Sy moasten foar it gerjocht. De rjochter hie de gek mei de mannen. Mar doe yn 1951 in Fryske bistedokter foar de rjochter gjin Frysk prate mocht en in tolk ynskeakele, wie de hikke fan de daam. Twa sjoernalisten t.w. Fedde Schurer fan De Koerier en Tsjebbe de Jong fan Boalsert skriuwden flamjende stikken in harren kranten en moasten har derfoar foar de rjochter ferantwurdzje fanwegen belediging fan it gesach.Op freed 16 novimber 1951 moasten beide hearen foar it gerjocht ferskine. Ûnderwilens de rjochtsaak komme der stadichoan mear minsken op it Ljouwerter Saailân Foaral út de rûnten fan skriuwers, studinten en minsken fan de Fryske Beweging. Nei ôfrin fan de kowemerk kamen der ek in protte boeren en oare minsken by. Dat wie foar de plysje in grutte skrik, safolle minsken dat wiene se net wend. Mei ‘t wetterkanon en de kneppel waard de kloft minsken útelkoar slein. De reboelje wie grut yn Fryslân. Op in protte plakken wiene protestgearkomsten. Ek yn de lanlike kranten wie der grutte oandacht foar dit barren. It rjocht fan de Friezen kaam op gong. In pear jier letter kamen der nije wetten oer de posysje fan de Fryske taal yn skoallen en it oerheidsapparaat. Ek yn de rjochtsseal waard it Frysk ynfiert. Hjoed-de-dei is Frysk de twadde rykstaal. De ienige minderheidstaal yn Nederlân. Mei tank oan de Europeeske wetten.
Sa is “kneppeljen” no “Keppelen” wurden. Litte wy meielkoar as Friezen ús taal koesterje – it is ien fan seldsume saken wat ús eigen is. Meitsje der in moai feest fan!
Turfstekker
Molkferkeapers ek: molktapers (moai Frysk wurd)| < Vorige |
|---|