donderdag 29 december 2011 16:34
De Friezene Tsjerke yn Rome (www.Friezenkerk.nl) is koartlyn wer iepene nei in grutte restauraasje, en derby wie de kommissaris fan de keninginne yn Fryslân dhr. John Jorritsma oanwêzich, wylst by de start fan de ferbouwing dhr. Ed Nijpels (foarsitter Vrienden van de Friezenkerk*) der wie. No is it fansels net sa dat de Fryske Friezene Tsjerke yn Rome der allinnich is foar de Friezen út Fryslân. Al yn de seisde ieu wie der in enklave Friezen yn Rome, mar dy kamen út de sa neamde "Lege Lannen". Friezen wennen doe yn sân ferskate lannen fan de Weser yn Dútslân oant it Zwin yn België. De sân pompeblêden yn de Fryske flagge binne der it symboal fan. Yn de tsjerke hingje no twa flaggen, de Fryske en de Nederlânske. Dat betsjut dat it in tsjerke is foar leauwigen út it hiele lân. Dat no mar ien fan dizze gewesten Fryslân bleaun is en de namme fan ús provinsje fiert, is foar ús Friezen in ekstra oanlieding om dizze tsjerke te stypjen.Yn de tolfde ieu is de Friezene Tsjerke bout (1141) op in hichte lyk neist it St. Pietersplein. Doe yn de sechstjinde ieu de St. Piter basilyk bout waard, is sawat alles om it hege stee fan de Friezene Tsjerke ôfbrutsen. Allinne de tsjerke - of wat der noch fan oer wie - is stean bleaun. Mar no stiet de tsjerke der wer kreas yn hiel syn hear en fear by. It is de ienige tsjerke yn Rome, wêr’t Frysk en Hollâns sprutsen wurdt. Foar toeristen út ús kontreien in gaadlik plak om ta rêst te kommen.
As jo it St. Pitersplein opkomme sjogge jo lofts de Friezene Tsjerke stean. It is in moai lyts tsjerkje, sa'n 35 mtr. lang en 15 mtr. breed. Permanint hingje der no twa nasjonale flaggen: de Fryske en de Nederlânske. Nijsgjirrich yn de tsjerke is foaral de muorre fan kleastermoppen, dy’t boud is troch Loadewyk Damsma út de Jouwer, ús eardere ponghâlder fan de KBO-Fryslân. Mei op oantrunen fan âldbiskop mgr. Muskes hat hy jierrenlang kleastermoppen derfoar sammele, (mar dat is in apart ferhaal). Fan elke stien yn de muorre is it plak oanjûn, wêr’t hy de stiennen fûn hat. Elke Fries, dy’t yn Rome komt soe dit eins sjen moatte. Hy of sy komt dan efkes yn 'e kunde mei in djippe bân fan ús ferline.
Sjoch ek de skiednis hjiroer op www. Friezenkerk.nl en foar stipe :
* Stichting Vrienden van de Kerk der Friezen
Turfstekker.
| < Vorige | Volgende > |
|---|